'Brûkersromte tichtby deiopfang'

© Omrop Fryslân
De drugsferslaafden yn Ljouwert wolle har brûkersromte sa ticht mooglik by de dei-opfang ha. Dat die sneon bliken by de iepening fan de eksposysje 'Kunst van de straat' yn de dei-opfang oan de Sudergrêftswal.
Besikers fan de opfang litte dêr har keunstwurken sjen. Wethâlder Hafkamp iepen de útstalling. Se liet witte har bêst te dwaan foar in brûkersromte yn Ljouwert. Woansdei praat de gemeenterie wer oer de oerbleaune opsjes.