Aris ferliest fan Giants

22 jan 2006 - 12:54

Basketbalklub Woon!Aris út Ljouwert bliuwt lêste yn de earedivyzje troch ferlies sneontejûn tsjin The Giants út Bergen op Zoom. Aris spile de earste trije parten fan de wedstryd goed, mar gong yn it fjirde part ûnderút.

By 74-76 kaam Aris foar de earste kear achter en ferlear úteinlik mei 75-83. De play-offs reitsje troch dit resultaat hieltyd mear út it sicht. Dêrfoar moat Aris by de earste acht einigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)