Timmer twadde nei earste dei WK

22 jan 2006 - 12:40

Marianne Timmer hat de earste dei fan it WK sprint yn Thialf ôfsluten as twadde. Nei in goed fyfde plak op de 500 meter, waard se twadde op de 1000 meter, yn 1.16,96. Simionato wie op dy ôfstân krekt in hûndertste fan in sekonde hurder. Op de 1000 meter waard Annette Gerritsen fjirde.

Gerritsen stiet yn it klassemint no njoggende. Van der Star stiet op it santjinde plak, Wijsman op it achttjinde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)