Skilder Klaas Koopmans ferstoarn

© Omrop Fryslân
Keunstskilder Klaas Koopmans is freedtejûn op 85-jierrige leeftyd ferstoarn. Koopmans waard benammen bekend fan de skilderijen dy't er makke fan it Fryske lânskip.
Foaral de lêste fyftjin jier wie der in soad omtinken foar Koopmans syn wurk en waarden der geregeld tentoanstellings organisearre. Foar dit jier stiet der in grutte oersjochtentoanstelling op it programma yn museum Belvedère yn Oranjewâld.