Frou rêden fan brân

21 jan 2006 - 17:19

Buertbewenners hawwe freedtenacht mooglik it libben rêden fan in frou út Drylts. Yn har wente oan De Wiel wie brân ûntstien, wylst de frou sels yn sliep fallen wie. Se waard op 'e tiid wekker omdat buertbewenners bûten har namme rôpen.

De frou (42) hat dêrnei de brân sels blust mei in douchesproeier. De brânwacht hat dêrnei noch wol neiblust. De brân is nei alle gedachten ûntstien troch in kears.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)