ONS treners nei Kampen

21 jan 2006 - 15:24

It trenersduo Marcel Valk en Hans Alleman fan ONS Snits giet DOS Kampen. Se wurde by de sneons-haadklasser haadtrener en folgje Hans van Dijkhuizen op. Valk hat fiif jier as trener by ONS wurke. Alleman hat sân seizoenen oan dy klup ferbûn west.

It wie al langer bekend dat it duo nei dit seizoen ophâlde soe. Fred de Boer út Ljouwert waard yn novimber ferline jier al oansteld as de opfolger fan Valk en Alleman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)