Ried mei Bonnema-brief ynsjen

21 jan 2006 - 13:17

De gemeenteried fan Ljouwert hat ynsjoch krigen yn it brief fan de Bonnema Stifting oer it Bonnema legaat. De riedsleden wolle witte wat dêr yn stiet oer it nij te bouwen Fries Museum. De ried krijt gjin ynsjoch yn it legaat sels, allinnich yn it brief dat giet oer de betingsten.

Fan sneon ôf kinne de riedsleden it brief fertroulik ynsjen. De provinsjale steateleden krigen earder al ynsjoch yn it brief.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)