Mear ferset tsjin brûkersromte

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat gjin brûkersromte foar drugsferslaafden by parkeargaraazje Hoeksterend yn Ljouwert realiserje. Dat fine ferskate ûndernimmers, soarchsintrum Nieuwe Hoek en makelder Hoekstra.
De gemeente is op syk nei in lokaasje foar de brûkersromte. Makelder Hoekstra hat abbekaat Wim Sleijfer ynskeakele om de komst fan sa'n boat op te kearen. Appartemintekompleks Bleekhoven by de parkeargaraazje is fan Hoekstra.