Verbeek tekenet twa jier by

21 jan 2006 - 12:32

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei trener Gert Jan Verbeek mei twa jier ferlingd. Dat is freed bekend makke. De klub is noch dwaande mei de ynfolling fan de fakature fan assistint coach.

Verbeek kaam yn de simmer fan 2004 nei Hearrenfean as opfolger fan Foppe de Haan. De klub pleatste him sûnt dy tiid twa jier op rige foar Europeesk fuotbal en slagge der ek twa jier op rige yn om te oerwinterjen yn de UEFA Cup. Dat wie noch nea earder bard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)