Fertochte sedesaak bekent

© Omrop Fryslân
De sedesaak Aldwâld liket oplost. De fertochte (25) út Westergeest hat bekend. Syn DNA-materiaal komt oerien mei dat wat op it famke fûn is. Dat hat justysje freedtemoarn bekend makke. De man wurdt fertocht fan ferkrêfting en frijhiedsberôving fan in 13-jierrich famke út Aldwald, ôfrûne snein. Undersocht wurdt oft hy ek belutsen wie by oanrandings yn Bûtenpost en Kollum yn oktober 2005. Dêr wiene famkes fan 11 en 12 jier it slachtoffer.