Escadron wint INHOLLAND poppriis

20 jan 2006 - 17:15

De band Escadron út Snits hat tongersdei yn de Amsterdamse Melkweg de finale wûn fan de INHOLLAND-poppriis. De út fiif man besteande metalband spile it nûmer 'In order to survive'.

Oan de finale fan de poppriis diene noch sân oare bands mei. De band hat mei de priis fjouwer dagen studiotiid en in fotoshoot wûn. Ek krijt de Fryske metalband in heal jier lang profesjonele begelieding om har fierder te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)