Jild foar minima Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
Minsken dy 't in útkearing krije fia de gemeente Boarnsterhim kinne ynkoarten 186 euro krije. In groep fan goed 200 minsken komt dêrfoar yn oanmerking. It jild is bedoeld om de oanfuljende syktekostenfersekering ôf te slúten.
It jild wurdt helle út it budget foar de bysûnder bystân. In grut tal oare gemeenten hat foar dizze groep minsken in kollektieve fersekering ôfsletten by soarchferserkerder De Friesland.