Minimarestaurant Ljouwert iepen

© Omrop Fryslân
It minimarestaurant Van Harte is tongersdei úteinset yn Ljouwert. By dat restaurant kinne minsken mei in minimumynkommen terjochte om foar 2 euro 50 in miel te keapjen.
It is de bedoeling dat it earme minsken yn Ljouwert út har sosjale isolemint helpt en ek nochris de kâns jout om út iten te gean. Van Harte is twa kear yn de wike iepen en lykas by oare restaurants moat yn't foar in tafel boekt wurde.