Boargemastersrúzje foarby

© Omrop Fryslân
De rúzje tusken boargemaster Liemburg fan Littenseradiel en korpsbehearder Dales fan de Fryske plysje is foarby. De rúzje wie ûntstien neidat Dales sein hie dat Liemburg mei sin in rel skopt hie om it Frysk by de plysje. Liemburg wie poer oer dy opmerking en easke ekskuses. Nei in gesprek binne beiden der tongersdei lykwols út kaam. Dales en Liemburg sizze it beide like wichtich te finen dat de plysje yn Fryslân it Frysk ferstean kin.