Opmars prostitúsje fia ynternet

20 jan 2006 - 10:22

Minderjierrige famkes dy't yn de prostitúsje terjochte komme, binne hast net mear de trasearjen. Klanten en famkes wurde mei ynternet en mobile tillefoans mei elkoar yn kontakt brocht en der is sawat gjin finger achter te krijen.

Dit sei direkteur Terpstra fan de Vrouwenopfang Fryslân tongersdei op in sympoasium yn Ljouwert. Ek poaiers en loverboys meitsje gebrûk fan dizze kommunikaasjemiddels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)