Drankmisbrûk karavans nimt ta

20 jan 2006 - 09:05

De problemen mei drankmisbrûk yn karavans op it plattelân nimme allinich mar ta troch de maatregels fan minister Hoogervorst. Dat seit Sjoerd Veenstra fan de Verslavingszorg Noord Nederland.

Hoogervorst wol de leeftiidsgrins foar it keapjen fan bier en oare swak alkohoalyske dranken ferheegje fan 16 nei 18 jier. Ek moatte supermerken gjin breezers mear ferkeapje en kinne jongeren dy 't yn striid mei de regels alkohol keapje straf krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)