1e mantelsoarchwenning iepene

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum is tongersdeitemiddei de earste mantelsoarchwenning iepene. It is in mobile wente, dy't yn de tún pleatst wurde kin. De ienichste betingst is dat je wol in grutte tún, fan sa'n fiif, seishûndert kante meter grûn nedich ha.
De mantelsoarchwente soe in oplossing wêze kinne foar minsken dy't graach thús har âlden, of handikapte bern fersoargje wolle. Yn de wente sels is sawat alles mooglik.