Boargemasters prate oer it Frysk

20 jan 2006 - 08:51

De boargemasters Dales fan Ljouwert en Liemburg fan Littenseradiel sille ynkoarten mei inoar om tafel om te praten oer it spul dat tusken beide ûntstean is.

Liemburg wie poerrazend op Dales nei dat dy fûn dat sy in rel skopt hie oer de taalkwestje by de plysje. Liemburg akseptearre dat net en easke ekskús. Dales antwurde derop dat sy tegearre mar ris in beerenburgje nimme moasten. Dat sil no ynkoarten syn beslach krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)