Polsbânsysteem yn jeugdsozen

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim wol in polsbânsysteem ynfiere yn jeugdsozen om foar te kommen dat jongerein ûnder de 16 jier noch alkohol drinke kin.
Besikers moatte harren identifisearje en krije, at se sechtjin jier of âlder binne, in polsbân. Hjirmei kinne se in pilske bestelle. Dit beslút fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Boarnsterhim is hiel aktueel mei it each op de plannen fan minister Hoogervorst.