Eilanners tefreden oer ambulânse

19 jan 2006 - 17:06

Bewenners fan Skylge, Amelân, Flylân en Skiermûntseach binne bot tefreden oer de ambulânsesoarch op de eilannen. En besikers fan de eilannen binne al like posityf. Se jouwe der in rapportsifer fan tusken 8,25 en 9 foar.

Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder bewenners en besikers fan de eilannen. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de Regionale Ambulânse foarsjenning Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)