Soad kandidaten foar musical

19 jan 2006 - 13:46

Foar de audysjes fan de musical 'Verborgen Legende' ha har al goed 150 kandidaten oanmeld. Sy komme foar it grutste part út Fryslân, mar ek fan bûten de provinsje is der in soad belangstelling. 'Verborgen Legende' is in Hollânsktalige musical dy 6 july yn premjêre giet yn it Feankleasterbosk by Fogelsanghstate.

De musical spilet him ôf yn it Azteekse Ryk, yn 1519. Der binne tsien solisten en 40 figuranten en koarleden nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)