Start Alvestêdewedstriid op iis

© Omrop Fryslân
De wedstrydriders fan de Alvestêdetocht hoege tenei net mear nei it iis te draven. It bestjoer fan de Friese Elfsteden hat besletten dat de 130 dielnimmers op it iis starte kinne.
Foarhinne wie de start op de wâl, yn in koai. De organisaasje wie benaud dat it oars net te kontrolearjen wie. No is der elektroanika beskikber. De riders starte fanút in loads fan Althuisius. Toerriders moatte har tenei ynskriuwe by de fleanbasis.