Gjin beslút oer spuitromte

19 jan 2006 - 11:41

Der wurdt foarearst gjin beslút nommen oer in plak foar in spuitromte foar drugsferslaafden yn Ljouwert. Op in ynspraakjûn lieten de politike partijen woansdei witte dat sy de kar tusken in romte yn de deiopfang oan de Súdergrêftswal of in spuitboat oan it Hoeksterein te meager fine.

Wethâlder Hafkamp fynt dat as de gemeenterie gjin kar meitsje wol, dat dy dan sels mar mei in foarstel foar in lokaasje komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)