Kaden op 4 plakken kontrolearre

© Omrop Fryslân
It wetterskip sil op 4 plakken yn Fryslân de kaden kontrolearje. Dat sil barre yn Snits, Dokkum, Turns en Warten. At bliken docht, dat de kaden net feilich genôch binne, wurde se oanpast. Dat is nedich om wetteroerlêst yn de beboude gebieten foar te kommen.
It ûndersyk makket diel út fan it herstelprogramma fan de kaden en oevers dat yn 2016 klear wêze moat. Dat programma is yn 2001 úteinset. De útkomsten wurde yn april bekend makke.