Priis foar De Harmonie

19 jan 2006 - 11:06

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat in priis krigen omdat it in goed jongerenbelied hat. De priis hat de namme CKV Topper Award en wurdt alle jierrren útrikt troch de Stichting Cultureel Jongeren Paspoort, it CJP.

Neffens de sjuery docht De Harmonie in soad oan kulturele foarming fan de jeugd. Sa wurde der faak foarstellings, workshops en gastlessen mei akteurs holden. Yn 2005 gongen 1700 learlingen fan 32 skoallen nei De Harmonie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)