Sûnensburo's yn Snits en Koudum

19 jan 2006 - 11:05

Ynwenners fan de gemeenten Snits en Nijefurd kinne fergees harren sûnens kontrolearje litte. Yn febrewaris wurde twa saneamde Gezondheidsbureau's iepene yn Snits en Koudum. Dit binne in soarte fan konsultaasjeburo's foar folwoeksenen.

It giet om in proef fan GGD Fryslân, dy't twa jier duorje sil. As it idee oanslacht komme yn hiel Fryslân en faaks yn hiel Nederlân mear fan sokke Gezondheidsbureau's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)