Ien wethâlder foar elts projekt

19 jan 2006 - 09:16

De gemeente Ljouwert wol yn de takomst projektwethâlders oanwize. Projekten binne no wolris ferdield oer meardere wethâlders. In nij sportkompleks falt bygelyks ûnder de wethâlder dy't sport yn de portefúlje hat, mar ek ûnder de wethâlder fan finânsjes. Yn de takomst wol de gemeente ien wethâlder oanwize dy't dan einferantwurdelik is. De wethâlder hoecht it ûnderwerp dan ek net perfoarst yn de portefeuille te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)