De Rottefalle krijt monumint

© Omrop Fryslân
Ta neitins oan it ferline fan de feriening Compagnie der Rottevalster Venen is woansdei in monumint ûntbleate yn De Rottefalle. De feriening waard yn 1635 oprjochte troch grûneigners fan feangrûn. Doe't de eksploitaasje fan turf net genôch jild mear opsmiet, hat de kompanjy it ûnderhâld en behear fan wettergongen, brêgen en slûzen op him nommen.
Yn 2004 is de lêste wettergong oerdroegen oan it Wetterskip Fryslân.