Gau referindum oer doarpsstatus

19 jan 2006 - 09:01

It referindum oer de doarpsstatus fan Nij Altoena fynt plak tusken 27 jannewaris en 7 febrewaris en sil skriftlik dien wurde. De gemeenteried fan it Bilt nimt op 16 febrewaris in beslút oer de status. It part tusken de buorden wurdt dan in doarp. It bûtengebiet wurdt sa yn trijen knipt.

Ynwenners fan elk part meie beslisse oft sy by Nij Altoena of Sint Anne hearre wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)