Auto's massaal iepenbrutsen

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is tiisdei by in hiel soad auto's ynbrutsen. De skea rint yn de tsientûzenen euro's. De plysje tinkt dat der yn totaal by wol 40 auto's ynbrutsen is. Oant no ta is der troch 30 minsken oanjefte dien.
De auto's stiene op it Alde Ambacht en op de Twee Gebroeders. Alle auto's binne iepenbrutsen en trochsocht. Ut de measte auto's binne autoradio's meinommen. De plysje tinkt dat der meardere minsken by belutsen wiene.