Motip gadingmakker foar Enna

© Omrop Fryslân
It bedriuw Motip Wolvegea is ien fan de oernamekandidaten foar it fallite Enna Aerosols yn Dokkum. Motip hâldt him lykas Enna dwaande mei it foljen fan spuitbussen. Motip wurket mei eigen merken, benammen foar de auto-yndustry. Direkteur De Jong fan Motip wol graach groeie en hat dêrom belangstelling. Der moat wol in soad ynvesteard wurde.
Foar safier bekend binne der noch twa oare oernamekandidaten wêrûnder de eardere eigner Trost.