Bilt leit net wekker fan seedyk

18 jan 2006 - 13:58

Boargemaster Van der Werff fan it Bilt en ek de Biltkers sels meitsje harren gjin soargen oer it ferswakke stik seedyk tusken Swarte Haan en Westhoek. It Wetterskip hat needmaatregels nommen om't de dyk net mear oan de strangste easken foldocht. By in ôfgryslik hurde stoarm soe de dyk it wolris net hâlde kinne.

Politisi binne wol skrokken. De steatefraksje fan de FNP en keamerlid Joop Atsma (CDA) stelle fragen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)