'Kom nei ried oer Schatzenburg'

18 jan 2006 - 11:59

Ynwenners fan Menameradiel moatte tongersdei massaal nei de riedsgearkomste oer de takomst fan rekreaasjesintrum Schatzenburg. Dat stiet yn in brief fan eigner Ron van Booma dy't hûs-oan-hûs ferspraat is yn de gemeente.

De gemeenteried beslút oft de gemeente de sporthal weromkeapet. Van Booma seit dat dit in hiele goeie opsje is foar Menameradiel. Yn it nije seizoen mei Van Booma nammentlik de hier ferheegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)