Jild promoasje wettersport

© Omrop Fryslân
Fryske wettersportûndernimmers stelle meïnoar fiif jier lang jierliks 100.000 euro beskikber foar in bettere promoasje fan Fryslân. Dat hawwe sy tiisdeitejûn besletten.
De wettersportbedriuwen wolle oan organisaasjes as de MKB en it Horekabûn, mar ek oan de provinsje freegje om it bedrach foar de promoasje fan Fryslân jierliks te ferheegjen nei ien miljoen euro yn it jier.