Caparis wol post besoargje

18 jan 2006 - 10:08

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis wol fan 't simmer úteinsette mei it besoargjen fan post op it Hearrenfean, yn Drachten en yn Ljouwert. It giet dan benammen om de post fan bedriuwen, oerheden en ferienings yn de trije plakken. Caparis wol besykje in plakje te feroverjen op de postmerk, foardat dy yn jannewaris 2007 frij jûn wurdt.

De postbesoarging moat it wurk ferfange, dat Caparis hieltyd mear kwytrekket oan lege leanen-lannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)