Swakke plakken seedyk it Bilt

18 jan 2006 - 10:06

De seedyk tusken Westhoek en Swarte Haan yn it Bilt hat swakke plakken oer in lingte fan seis kilometer. De dyk is net bestân tsjin in ekstreme stoarm dy't ien kear yn de fjouwertûzen jier foarkomt. Neffens de feiligensnoarmen soe dat wol moatte. Gewoane stoarmen kin de dyk wol ha.

It wetterskip hat maatregels nommen om de sitewaasje te ferbetterjen. Dat kostet 20 oant 25 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)