Ynspraak Heak om Ljouwert begûn

17 jan 2006 - 23:05

De ynwenners fan Ljouwert, Ljouwerteradiel en Menameradiel kinne har de kommende seis wiken útspreke oer de nije Heak om Ljouwert. De ynwenners meie oanjaan wat neffens har it bêste trajekt is foar de dyk. De dyk moat foar in bettere ûntsluting fan Ljouwert en Noardwest-Fryslân soargje.

Uteinlik is it de minister dy't bepaald wêr't de Heak om Ljouwert komt te lizzen. Dat beslút wurdt yn july fan dit jier ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)