Arbitraazjesaak Samaras

© Omrop Fryslân
Fuotballer Georgios Samaras fan Sc Hearrenfean spant in arbitraazjesaak oan tsjin syn wurkjouwer. Samaras wol dêrmei in oergong nei de Ingelske klub Manchester City foar elkoar krije. De klub hat moandei ûnderhannele mei Hearrenfean, mar koe der finansjeel net útkomme. Advokaat Eric Vilé stiet Samaras by yn de kommende arbitraazje.
Samaras kin by Manchester City folle mear fertsjinje. Boppedat hat de klub him in kontrakt foar fiif jier oanbean.