Grûn brûkt as dumpplak folders

© Omrop Fryslân
In braaklizzend stik grûn oan de dûmny Boekholtstrjitte yn Surhústerfean is de ôfrûne moannen brûkt as dumpplak. Unbekenden ha der foaral folders en reklamemateriaal delsmiten. Ek leit der grienôffal.
De gemeente Achtkarspelen hat noch net earder meimakke dat sa'n grut terrein brûkt wurdt as dumpplak. Der is yntusken in begjin makke mei it oprêden fan de rommel.