Slim sededelikt Aldwâld

© Omrop Fryslân
Yn Aldwâld hat in slim sededelikt plakfûn. In famke (13) wie de middeis te hynsteriden gien yn de omjouwing. Nei in oere kaam it hynder allinnich thús. De âlders ha doe oan 't sykjen west. Letter kaam it famke by in wenning oanrinnen. Bliken die dat se troch in ûnbekende man misbrûkt wie.
Sinjalemint: It giet mooglik om in kleurde man fan tusken de 25 en 35 jier mei koart stikelich hier en in foars postuer. De man praat goed Nederlânsk.