Oanriding by Hallum

16 jan 2006 - 12:24

By in oanriding op de Ljouwerterdyk by Hallum binne sneon trije auto's fernield en is ien bern ferwûne rekke. In 43-jierrige frou út Hallum woe rjochtsôf op in plak dêr't dat net mocht.

In 31-jierrige frou út Hegebeintum en in 50-jierrige frou út Hallum seagen dat te let en botsten mei de auto op dy fan de 43-jierrige frou. In fjirde auto moast sa hurd remje dat in bern troch de klap ferwûne rekke oan de nekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)