Jildstellerij Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat snein yn Ljouwert in 27- jierrige man út Den Haach oanholden. Dy wurdt der fan fertocht in soad jild stellen te hawwen út de jas fan in 27-jierrige man út Ljouwert. Se hienen elkoar troffen yn de stasjons- restauraasje.
De Ljouwerter hie syn jas oer de stoel hongen, doe't er nei de wc gie. Doe't hy weromkaam miste hy by it ôfrekkenjen in protte jild. De Hagenees wie útnaaid, mar koe letter oppakt wurde.