Kop-sturt-botsing Ljouwert

16 jan 2006 - 10:03

Op de krusing Harnzerstrjitwei mei de Slauerhoffwei yn Ljouwert hat snein nei oanlieding fan in eardere oanriding in kop-sturt-oanriding plakfûn. In 27- jierrige automobilist út St. Anne moast stopje foar twa stilsteande auto's yn ferbân mei it eardere ûngelok.

Ferfolgens botsten twa oare auto's op syn auto. Ien ynsittende fan de belutsen auto's moast mei nekklachten nei it sikehús brocht wurde, mar koe nei behanneling wer nei hús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)