PvdA: 'Gjin weryndieling'

15 jan 2006 - 12:57

De provinsje hoecht net mear te besykjen om mei gemeenten te praten oer gemeentlike weryndieling. Dat sei deputearre Anita Andriesen sneontemoarn, by de nijjiersgearkomste fan de PvdA Fryslân.

De sfear tusken provinsje en gemeenten is net al te bêst op it heden. Deputearre Jan Ploeg fan it CDA wol graach mei de gemeenten prate oer de bestjoerskrêft fan gemeenten, mar in soad boargemasters fiele dêr neat foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)