Bewegingsried nidich op Wagenaar

© Omrop Fryslân
De Ried fan de Fryske Beweging is min te sprekken oer de útspraken oer it Frysk fan korpssjef Foeke Wagenaar. De ried sil der in brief oer skriuwe oan minister Remkes. Foarsitter van der Bij fynt dat Wagenaar him better stilhâlde kinnen hie. Dan hie der gjin opskuor west.
De ried ropt de provinsje op om mear jild út te jaan oan it taalbelied. De ried hat op syn jiergearkomst sneon de brief oan Remkes opsteld.