5500 besikers foar Cambuur-feest

© Omrop Fryslân
In grutte feestjûn mei live-muzyk foar Cambuur hat likernôch 5500 besikers lutsen dy't elk seker 15 euro betelle ha foar in kaartsje. Hoefolle jild sa ophelle is, kin de organisaasje noch net sizze.
De opbringst giet nei de klub, dy't grutte finansjele soargen hat. Dizze wike moat dúdlik wurde oft der yn haadlinen in akkoart komt oer de skulden. Slagget dat net, dan driget it hielendal mis te gean mei Cambuur.