Swimbad Easterwâlde wer iepen

14 jan 2006 - 16:21

Swimbad de Boekhorst yn Easterwâlde is sneon wer iepen gong. It swimbad hat ticht west omdat ôfrûne snein ien fan de plafondplaten nei ûnderen kaam wie. Yn de ôfrûne dagen is hurd wurke oan it werstel.

Tenei sil alle moannen opnij besjoen wurde oft de platen noch goed fêstsitte. De gemeente Eaststellingwerf en de beheersstifting fan it swimbad wolle sa foarkomme dat der ek yn de takomst platen loskomme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)