Jonge slacht jonge harseskodding
In 13-jierrige jonge út de Harkema hat in oar jonkje fan 13 freed in harseskodding slein. De twa hiene op de Ikeloane nei alle gedachten spul mei elkoar krigen.
Doe't it slachtoffer thúskaam, rekke er in pear kear út de tiid. Hy is doe mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje siket noch út wat der krekt bard is.