Sintrale As fan aginda ôfhelle

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel kin yn jannewaris noch net prate oer de Sintrale As, de nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei. Dat fine boargemaster en wethâlders. It wie de bedoeling dat de riedsleden har mienings oer de Sintrale As mei inoar beprate soene, op grûn fan it stânpunt fan de provinsje.
B&W ha lykwols neat heard fan de provinsje, dus wurdt it ûnderwerp fan de aginda ôfhelle.