Europeeske stipe foar sjauffeurs

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de PvdA yn it Europeesk Parlemint sil him ynsette foar de frachtweinsjauffeurs dy't lêst ha fan konkurrinsje fan sjauffeurs út lege leane lannen.
By in FNV-byienkomst yn Grins freedtemiddei lieten sjauffeurs fan ûnder oare Vos Logistics út Surhusterfean harren klacht hearre oer de wurkwize fan de wurkjouwers. It fakbûn siket no de stipe fan de Europarlemintariërs.